Dútske ytpiraat moat de sel yn

Menukaart restaurant
In 45-jierrige Dútser, dy't sûnt juny yn Nederlân omswalket, moat fan de rjochter trije wiken de sel yn. De man hat yn septimber iten yn in restaurant yn Ljouwert, mar koe nei de tiid de rekken net betelje. Nei't er iten en dronken hie yn it restaurant oan de Stasjonswei, gie er nei de lounge om út te búkjen. Dêr foel er yn sliep.
Doe't it hast slutingstiid wie, waard de Dútser wekker makke om ôf te rekkenjen. Hy koe de rekken lykwols net betelje. It gie om in bedrach fan 62 euro.
De man beneidiele earder al acht oare restaurants yn Nederlân.