'Tsjerke' yn buorskip Jabikswâld wurdt iepene

12 okt 2016 - 15:45

Yn Ljouwert wurdt freed De Kapel yn it nije buorskip Jabikswâld offisjeel iepene. It giet om in gebou mei fjouwer apparteminten, yn de foarm fan in tsjerke. Dy stiet op in byldbepalend plak yn de nijbouwyk de Súdlannen en is foarsjoen fan hege tsjerkeruten en in tsjerketoer mei in oerwurk.

Neist de kapel komme noch huzen dy't ferkocht wurde ûnder de namme 'Kleasterwenten'. Wethâlder Henk Deinum sil freed de offisjele hanneling by de iepening dwaan. Hy skinkt dan in wynwizer oan de bewenners fan de tsjerke.

Yn de Súdlannen wurdt op dit stuit noch folop boud. Op termyn komme der 6.500 huzen te stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)