Akke Marije: "Wa hie dat oait tocht!"

12 okt 2016 - 15:41

"Wa hie dat oait tocht!" Akke Marije Marinus is in dei nei de live-útstjoering noch hielendal ferstuivere. It 20-jierrige model út Boarnwert is troch nei de heale finale fan it telefyzjeprogramma Holland's Next Top Model. "It jout in ferrekte goed gefoel, dat safolle minsken op my stimd ha. Dat is in grut komplimint."

It Fryske model is hiel populêr op sosjale media. Se hat al 65.000 folgers. "Allemachtich, dat is wol in hiel soad. Ik fokusje my no earst op wat ik dwaan moat, mar sa no en dan sjoch ik wol stikem op de telefoan."

It model hat it op it stuit smoardrok, se is mei in casting dwaande. De bylden dêrfan binne kommende tiisdei op RTL 5 te sjen. Op 25 oktober is de finale yn Amsterdam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)