Wurkstraf foar bedriigjen eigen advokaat

12 okt 2016 - 15:30
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In man fan 54 jier út Harns krijt in wurkstraf fan 40 oeren foar it bedriigjen fan syn advokaat Fer Grijmans en syn húshâlding, op 14 july fan dit jier. De advokaat hie beslach lizze litten op twa boaten fan de Harnzer, omdat syn rekkens net betelle waarden.

De plysjerjochter fynt dat bewiisd is dat de Harnzer lilk mei syn advokaat belle en him bedrige. In kollega-advokaat en syn sekretaresse hiene de bedrigingen ek heard. De advokaat die oanjefte en brocht op advys fan de plysje de nacht net thús troch, mar yn in hotel.

De Harnzer moat dat fergoedzje. Dy is it net iens mei de straf. Op de sitting ûntkende hy de bedriging.

Trefwurden: 
Harns bedriging
(Advertinsje)
(Advertinsje)