Stoptrein stiet minút langer stil op Feanster stasjon

12 okt 2016 - 14:21

De stoptrein tusken Meppel en Ljouwert bliuwt fan 12 desimber ôf ien minút langer op it stasjon fan It Hearrenfean. It is in needmaatregel oant 2021 om de skipfeart by it Van Harinxmakanaal by Ljouwert te ûntsjen. NS en de provinsje ha dat ôfpraat.

Fan dat momint ôf moatte fjouwer treinen yn de oere ride, wêrtroch’t skippen langer foar de spoarbrêge by Ljouwert wachtsje moatte. Troch de trein wat langer fêst te hâlden op it stasjon fan It Hearrenfean, wurdt de trochfearttiid foar skippen no ferlinge.

Yn de tuskentiid ûndersiket de provinsje in definitive oplossing. Opsjes foar nei 2021 binne ûnder oare in oanpassing fan de steande mêstrûte, baggerjen yn it Van Harinxmakanaal, ferfanging fan de hjoeddeiske spoarbrêge of in akwadukt.

It oanpassen fan de steande mêstrûte fynt de provinsje gjin goed idee. Dat soe te folle oanpassings freegje, bygelyks it beweechber meitsjen fan de Prins Hendrikbrêge. Ferfanging fan de spoarbrêge soe wol in opsje wêze. Kosten dêrfan wurde rûsd op 70 miljoen euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)