Syb: "The Passion moat Frysk tintsje krije"

"Elske DeWall of Iris Kroes soe ik in goede suggestje fine om de rol fan Maria te spyljen yn The Passion" seit Syb van der Ploeg. Hy fynt it hartstikke leuk dat it spektakel takom jier nei Ljouwert komt. "It set Ljouwert goed op de kaart, ek mei it each op Kulturele Haadstêd. It is in geweldige produksje mei moai kamerawurk dat de sfear fan Ljouwert en mooglik de alve stêden goed sjen lit."
By de alderearste opfiering fan The Passion yn Gouda yn 2011 spile Syb van der Ploeg de rol fan Jezus.
"Wat my noch altyd bybleaun is, is dat it publyk manmachtich ropt dat Jezus krusige wurde moat. Dat wie hiel yndrukwekkend en fielde ûnrjochtfeardich." Sûnt dat optreden is er alle jierren belutsen bleaun by de produksje. "Ik fersoargje in optreden foar de hûnderten frijwilligers dy’t meirinne yn de prosesje om it krús troch de stêd te dragen."
Frysk
Syb is noch net frege foar in rol, mar tal fan ferskes fan De Kast liene har goed foar in bewurking yn it muzykstik. "Ik sjoch it al hielendal foar my hoe’t Jezus nei de himel giet op muzyk fan In nije dei bygelyks. En dat er dan op de Avérotoer, of noch moaier boppe-op de Aldehou stiet. Hooplik krijt de produksje wol in Frysk tintsje en dogge se wat mei de Fryske taal."