Oargelist Hinsz oargel yn Boalsert kin wer pûstertraapje

12 okt 2016 - 10:59

It Albertus Antoni Hinsz oargel út 1781 yn de Boalserter Martinitsjerke wurdt nei in grutte restauraasje wer yn gebrûk naam. Under oare de mear as 3000 pipen en de unike balgekeamer binne opknapt.

Om der feestlik by stil te stean is der yn de wike fan 22 oant 29 oktober in festival mei allerhande optredens, mei it oargel as middelpunt. It earste optreden is fan James O'Donnell, de fêste oargelist fan de Westminster Abbey yn Londen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)