Wethâlders Van der Veen en De Haan útswaaid

12 okt 2016 - 10:18
Marten van der Veen en Max de Haan - Foto: Binne-Louw Katsma

In soad minsken ha tiisdeitejûn yn de riedseal fan it gemeentehûs yn Bûtenpost ôfskied naam fan âld-wethâlders Max de Haan en Marten van der Veen fan de gemeente Achtkarspelen. Dy moasten nei in politike krisis opstappe.

FNP'er Van der Veen wie mear as 40 jier aktyf yn de lokale polityk en sûnt 2010 wethâlder. Max de Haan wie út namme fan GBA 15 jier aktyf en sûnt 2014 wethâlder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)