Fertochte ynbrekker bliuwt fêstsitten

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige man út Emmen wurdt derfan fertocht dat hy it ôfrûne jier yn tsientallen fersoargingshuzen en bejaardewenten yn Noard-Nederlân ynbrutsen hat. De man seit sels dat it giet om sa'n 50 oant 60 ynbraken, wêrûnder ien op 'e Lemmer.
De man waard earder al oanhâlden en hearde tiisdei dat hy oant 8 novimber fêstsitten bliuwt. Dan tsjinnet de rjochtsaak tsjin him. De plysje giet fierder mei it ûndersyk, want de man wurdt fertocht fan mear ynbraken. De opbringst fan de ynbraken gie op oan GHB , kokaïne en de gokferslaving fan de man.