Iepen brief aksjegroep oan bestjoeren MCL en Nij Smellinghe

11 okt 2016 - 23:14
Foto: Veenstra Multimedia

Stichting Red de Sionsberg yn Dokkum hat in iepen brief skreaun oan de sikehûsbestjoeren fan it MCL yn Ljouwert en Nij Smellinghe yn Drachten. Oanlieding is de alternative kontraktoanbieding foar sikehûs Sionsberg yn Dokkum, wêroer't troch de beide sikehuzen en soarchfersekerder De Friesland ûnderhannele wurdt.

MCL en Nij Smellinghe hawwe, tegearre mei ZuidOostZorg, Kwadrant Groep en GGZ Fryslân, in soarchplan yntsjinne by De Friesland. Ek DC Klinieken en CCN hawwe in soarchplan yntsjinne. Red de Sionsberg is hjir net bliid mei.

"Agressive oernamepoging"

Yn de iepen brief neamt Red de Sionsberg it soarchplan in "agressieve overnamepoging", dy't bedoeld is om DC Klinieken en CCN bûten spul te setten. "Pas hersteld vertrouwen van patiënten en huisartsen wordt dan opnieuw geschokt! Goed lopende zorgpraktijk wordt onnodig in de waagschaal gesteld. Publieke instellingen als MCL en Nij Smellinghe mogen hun goede naam en het geld van premiebetalers daar niet aan besteden. Dit riekt naar misbruik van marktmacht en leidt tot geldverspilling", skriuwt Red De Sionsberg.

De stichting basearret him op de sifers en opinys fan húsdokters en spesjalisten, dy't begjin foarige wike iepenbier makke binne yn it 'Witboek Sionsberg'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)