Noch gjin lokaasje keazen foar fontein Sleat

It is noch net slagge in lokaasje te kiezen foar de 11fountains fontein dy't komme moat yn Sleat. It wie de bedoeling dat der tiisdeitejûn in kar makke wurde soe, mar de bewenners kamen der ûnderling net út.
Wol wiene se bot te sprekken oer it ûntwerp dat makke is. It wurdt in fontein fan tusken de 3 en 5 meter heech besteande út jerrycans en amers mei derop twa boartsjende bern. Oer de lokaasje sil der no socht wurde nei in alternatyf plan.