Akke Marije troch nei heale finale Holland's Next Top Model

11 okt 2016 - 22:04

De 20-jierrige Akke Marije Marinus út Boarnwert is troch nei de heale finale fan tv-programma Holland's Next Top Model. Tolve modellen dienen mei oan it begjin fan it programma fan RTL5. Uteinlik mochten fiif modellen mei nei Ibiza om dêr foto's te meitsjen. It Nederlânsk publyk mocht yn dizze útstjoering meistimme. Akke Marije krige hast in kwart fan de stimmen. Op social media wurdt se al de nije Doutzen Kroes neamd.

Op 25 oktober is de finale yn Amsterdam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)