Nije hierwenten boud yn Drachtsterkompenije

In tsien jier âld nijbouplan yn Drachsterkompenije wurdt mooglik dochs noch útfierd. Der wiene doe plannen foar de bou fan 20 wenningen oan de súdkant fan it doarp, mar dat plan is nea fan de grûn kaam.
Bougroep Riemersma-Van der Molen is no lykwols selsstannich mei in nijbouprojekt kaam op dat plak foar seis nije wenten. De hierwenten wiene binnen twa wiken fersein. De bougroep wol dêrom om tafel mei de gemeente om nochris tolve hierwenningen del te setten. Ek lizze der noch in tal kavels leech dêr't mooglik keapwenten op komme kinne.
Ferlet fan wenningen
Pleatselik Belang is wiis mei de plannen fan Riemersma-Van der Molen. Neffens foarsitter Wiebenga is der genôch ferlet fan nije wenningen yn it doarp. Benammen starters en âlderein soene belangstelling hawwe. Ek Pleatselik Belang wol derom om tafel mei de gemeente.