Gearwurking noardlike provinsjes foar sirkulêre ekonomy

Fryslân, Grinslân en Drinte wolle better gearwurkje om de sirkulêre ekonomy te fersterkjen. Yn in sirkulêre ekonomy wurde grûnstoffen duorsum brûkt, wurdt smoargens opnij brûkt en wurdt sa min mooglik enerzjy brûkt by it meitsjen fan guod.
Yn Fryslân is al útsocht hoe't dat it bêste kin en dat bart no ek op noardlike skaal, ha de trije provinsjes ôfpraat.
Deputearre Sander de Rouwe hopet dat it bedriuwslibben him ek stoarte wol op de sirkulêre ekonomy. Want dat soe banen opsmite kinne.