Grut ûndersyk ûnder swangere froulju en harren poppen

11 okt 2016 - 15:16

It grutte noardlike sûnensûndersyk LifeLines NEXT is op syk nei froulju dy't yn ferwachting binne. LifeLines NEXT wol ûndersykje hoe't it kin dat de iene minske yn de rin fan syn libben wol en de oare net in groanyske sykte krijt. Omdat de kime dêrfoar al yn de swangerskip en de earste jierren lein wurde kin, wolle de ûndersikers froulju en poppen foar en nei de berte folgje. In wichtich ûnderdiel fan it ûndersyk is it bestudearjen fan it ôfwarsysteem fan de poppen.

Biomateriaal

De 1.500 memmen en harren poppen wurde folge troch biomateriaal, sa as bloed, ûntlêsting en memmemolke, te sammeljen en fragelisten yn foljen oer ûnder oaren hoe't se libje, sûnens, itenspatroan en de relaasje tusken de mem en it bern.

It ûndersyk is al begûn yn Grinslân, Fryslân folget yn novimber. Froulju dy't meidogge oan LifeLines en dy't swier binne, kinne har der foar oanmelde.

Trefwurden: 
LifeLines swangerskip
(advertinsje)