Doarpsbelang: "Dokterswacht mei net út Koudum wei"

11 okt 2016 - 14:24

Doarpsbelang Koudum is min te sprekken oer it beslút fan de Dokterswacht om de satellytpost yn it doarp mei yngong fan 3 oktober te sluten. Neffens de Dokterswacht soene ynwenners fan Koudum en omkriten de post net faak genôch besykje om dizze iepen hâlde te kinnen.

Neffens it bestjoer fan doarpsbelang doge de arguminten fan de Dokterwacht net. Se sizze dat de post telefoanysk min berikber wie, dat de wachttiden ekstreem lang wiene en dat minsken hast automatysk trochferwiisd waarden nei Snits en It Hearrenfean.

Telefonistes soene net fan it bestean fan de post yn Koudum witte. Mei sinjalen om de tsjinstferliening te ferbetterjen is neat dien, sa seit doarpsbelang. It bestjoer bliuwt yn petear mei de Doksterwacht en soarchfersekerder De Friesland om de post op wat foar wize dan ek werom te krijen.

De húsdokterspost Koudum stipet de aksje fan doarpsbelang.

(Advertinsje)
(Advertinsje)