'Besiele troch Alma-Tadema' by Tresoar

'Mozes gevonden!' fan Sir Lawrence Alma-Tadema
'Besiele troch Alma-Tadema', is in bysûndere útstalling dy't freed 14 oktober by Tresoar yn Ljouwert iepene wurdt. 24 keunstners fan FRIA, de Friese Vakvereniging voor Beeldend Kunstenaars, hawwe harren ynspirearje litten troch it wurk fan de Fryske skilder Lawrence Alma-Tadema.
Der is in grut ferskaat oan dissiplinen te sjen: skilderijen, tekeningen, etsen, fotografy, sieraden, tekstylkeunst en objekten. De eksposysje is te sjen oant en mei 5 febrewaris 2017 by Tresoar en de tagong is fergees
Dielnimmende keunstners binne: Karin van Berne, Corina Blom, Doet Boersma, Wia Bouma, Hennie Broers, Janny Bruinsma, Ellen Cohen, Hennie Dijk-Stel, Gwendolyn van Essen, Connie Harkema, Giem Kwee, Paul Logister, Eveline van der Pas, Jan Pranger, Han Reeder, Margriet Reinalda, Irma Reimert, Wim Reimert, Gerhild van Rooij, Joke Stapensea, Froukje de Vos, Rein de Vries, Saskia Wagenvoort en Oesje Zegel.
Njonken de keunstwurken, wurde ek in oantal orizjinele tekeningen en knipwurken út de kolleksje fan Tresoar toand. It giet om jeugdwurk fan Alma-Tadema. Syn berte-akte is ek te sjen.
Spesjaal foar de Kulturele Snein op 30 oktober is Tresoar fan 12.00-17.00 oere ekstra iepen. De útstalling is dan ek te besjen. Dielnimmende keunstners binne dy dei oanwêzich om útlis te jaan oer it eksposearre wurk.