Snits nimt reinbôgebank yn gebrûk

11 okt 2016 - 12:31

Yn Súdwest-Fryslân is elkenien, homo, lesbienne, biseksueel of transgender (LHBT), fan herte wolkom. Om dat ek sjen te litten, is der tiisdei yn Snits in reinbôgebank yn gebrûk naam, omdat it hjoed Coming Out Day is, de dei dat men earlik útkomme mei foar syn of har aard.

"It doel fan it bankje is om sichtber sjen te litten dat we as gemeente de akseptaasje fan de LHBT-mienskip fergrutsje wolle", sa sei wethâlder Gea Akkerman.

LHBT-gemeente

De gemeente Súdwest-Fryslân is sûnt 2012 LHBT-gemeente en docht de ôfrûne jierren mear foar de akseptaasje fan de LHBT-ynwenners. Sa is der yn maaie in yntinsjeferklearring tekene dêr't yn stiet dat de gemeente him ynsetten bliuwe sil foar de feiligens en de striidberens fan lesbiennen, homo's en transgenders. Sa binne der al trainingen jûn oan soachprofessionals oer hoe't se omgean kinne mei LHBT'ers.

Reinbôge-sebrapaad

Yn Ljouwert waard tiisdei troch aksjefierders in reinbôge-sebrapaad makke by it sintraal stasjon yn it ramt fan Coming Out Day.

Trefwurden: 
reinbôgebank Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)