Frou hâldt mei rollator ynslûpers bûten de doar

11 okt 2016 - 11:55
De froujlu besochten mei in babbeltrúk yn 'e hús te kommen

In âldere frou út Drachten hat dit wykein mei har rollator twa ynslûpers bûten de doar hâlden. Twa ûnbekende froulju bellen oan en besochten mei in moai ferhaaltsje yn 'e hús te kommen. Se treaunen tsjin de doar, mar de frou hie har rollator achter de doar setten, sadat dy net iepen koe.

De froulju naaiden dêrop út. It giet om froulju fan tusken de 18 en 25 jier, dy't min Nederlânsk praten.

Trefwurden: 
rollator ynslûpers Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)