Tegels út Menaam foar Erasmus-keunstwurk yn Rotterdam

11 okt 2016 - 11:43

It Erasmus-keunstwurk yn Rotterdam bestiet foar in grut part út tegels fan tegelfabryk Albarello út Menaam. Sy hawwe 1400 tegels levere foar de foarkant fan it keunstwurk, dat it bertehûs fan humanist en tinker Desiderius Erasmus útbyldet. It ûntwerp wie it resultaat fan in priisfraach en it winnende ûtwerp is fan Maaike Disco en Reinier de Gooijer.

De tegels foarmje it portret fan Erasmus en op de tegels binne útspraken fan de humanist te lêzen. Desiderius Erasmus is de meast ferneamde Rotterdammer.

Spesjale printmetoade

De tegeltsjes dy't Albarello makke hat binne mei in spesjale keramyske printmetoade makke en bewurke mei de tradisjonele skildertechnyk. Op guon tegeltsjes binne sels gouden aksinten oanbrocht. It befêstigjen fan dizze tegels is fakwurk en ek dat hat in Frysk tintsje. It wurdt dien troch Andries Planting fan De Lemmer. Hy hat oer de hiele wrâld tegels op keunstwurken yn de bûtenloft setten. Yn it fabryk fan Albarello yn Menaam is moannen oan de tegels wurke. Op 28 oktober, de bertedei fan Erasmus, wurdt it keunstwurk troch boargemaster Aboutaleb ûntbleate.

(Advertinsje)
(Advertinsje)