Ungelok op A32 by Aldeholtwâlde

11 okt 2016 - 10:28

De ôfrit op de A32 nei Aldeholtwâlde is tiisdeitemoarn nei in ûngelok ôfsletten. In automobilist ried fan It Hearrenfean yn de rjochting fan Meppel, doe't hy op de ôfrit de macht oer it stjoer ferlear en tsjin in beam botste. De auto kaam op de sydkant telâne. De brânwacht hat it slachtoffer út de auto helle. It slachtoffer is yn de ambulânse behannele.

Trefwurden: 
ûngelok A32
(advertinsje)
(advertinsje)