Hjerstfakânsjespektakel 'WETTER, water ondersteboven'

Yn Natuurmuseum Fryslân begjint kommende sneon it hjerstfakânsjespektakel 'WETTER, water ondersteboven'. Yn it atrium fan it museum wurde dizze wike trije eilannen boud mei elk in eigen tema.
De eilannen wurde ferbûn troch brechjes en der streamt wetter om hinne. Op de eilannen binne in tal fan aktiviteiten te dwaan. Sadwaande kinne bern ûntdekke dat skjin, feilich en foldwaande wetter net sa fanselssprekkend is as se tinke.
De eilannen
Op it earste eilân moatte besikers oer in 'drollepaad' rinne om by de steiger te kommen dêr't se fiskje kinne. It twadde eilân hat as tema stoarm. Hjir komme de bern oan de hân fan spul yn oanrekking mei de opkomst fan heech wetter. Op it tredde eilân wurde de moaie kanten fan it wetter sjen litten, mar ek swalkôffal komt oan bod.
Bûtendoar
Ek bûten it atrium bliuwt it tema wetter aktyf. Kweekvijver Noord hat foar it museum in app ûntwikkele mei firtuele reality spultsjes wêrtroch je bygelyks in otter swimmen sjen kinne yn it wetter, op je smartphone.
De smoarchwetterboat sil in oantal dagen yn de Prinsetún te besjen wêze foar de besikers.