Kollum: "In ferhaal dat bliuwt"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"Men kin de minskheid yn fjouwer groepen ferdiele. De earste groep is hielendal gek fan boeken. De twadde groep seit it net safolle mar lêst wolris wat, de tredde groep hat der neat mei en lêst noait. Dan is der noch in fjirde groep. Dy wol boeken it leafst ferbaarne. En dêr’t se boeken ferbaarne, sille se úteinlik ek minsken ferbaarne, sei Heinrich Heine.
Yn alle gefallen hear ik by de earste groep. Ik bin sljocht op boeken, al fan myn jongste jierren ôf. Ja, lieve luisteraars, uw dienaar stamt nog uit de tijd dat het de kindertjes slechts verschoond was om op des woensdagsmiddags enkele uren voor de kijkbuis plaats te nemen. Dat, as it min waar wie en men der net út koe te boartsjen, gie men in boek lêzen. En myn lêshonger wie grut. Ik lies alles dat mar in omkaft hie. Gelokkich hiene wy thús op souder in grutte houten kiste te stean, dy’t grôtfol lêsfoer siet. Fan printeboeken en stripboeken oant Dik Trom, Okkie en Noortje, Jaap Holm en Old Shatterhand en Winnetou. Dêr en doe begûn myn karriêre as dreamer. Want lêze is dreame mei de eagen iepen. Dêr en doe setten ek myn reynkarnaasjes út ein, want neffens George Martin libbet in lêzer tûzen libbens foar’t er stjert, en ien dy’t net lêst mar ien.
Miskien noch wol moaier as nije boeken binne de âlde eksimplaren. Nije boeken binne wyld en moatte harren plakje noch befjochtsje, dêr’t âlde boeken dat al dien ha en jo mei in beskate weardigens en wiisheid fan de planke ôf oansjogge. Ast goed stil bist kinst se flústerjen hearre, al dy ferskillende stimmen, sykheljen sels. In keamer mei boeken is in besiele keamer. Sa stelde Jorge Luis Borges him it paradys foar: as in soarte fan biblioteek. Of as in twaddehâns boekwinkel, wol ik dêr oan taheakje. Wat dat oangiet hie ik foarige wike in ‘Bijna-doodervaring’, doe’t ik de grutte loads fan boekhannel Atsee te Dokkum yn stoareage. Mei mear as 300.000 titels wie it yn alle gefallen in glimp fan in paradys.
De reden dat ús dy glimp gund waard is oars net sa moai. Ad en Jenny fan Atsee hâlde der nammentlik mei op. Leeftyd en sûnens meitsje it ûnmooglik om harren ropping fuort te setten. En dus dwaalden wy, bibliofilen, behalve mei in fielen fan loksilligens ek mei in beskate weemoed en mankelikens tusken de stellaazjes om, dy pylders fan it libbenswurk dat Atsee hjitte.
Dêr is no in ein oan kaam. Mar de stimmen fan al dy boeken swije net. Dy prate no tsjin my en oaren, fertelle de ferhalen fan de wrâld en de minsken, en ek it ferhaal fan dy man en syn frou yn Dokkum, dy’t harren hoede en noede ha. En krekt as alle goeie ferhalen, is dat ien dat bliuwe sil."