Hearrenfean no ek Fairtrade-gemeente

It gemeentehûs fan Hearrenfean © Frank Vink
Gemeente It Hearrenfean is no offisjeel ek Fairtrade-gemeente. De sjuery fan de Fairtraide Gemeenten Nederland hat Hearrenfean besjoen en op alle punten posityf beoardiele. Om it sertifikaat te krijen moat der bygelyks in aktive lokale wurkgroep wêze. Ek wurdt der sjoen nei hoe't winkels, hoareka en bedriuwen omgean mei earlike hannel.
Wethâlder Coby van der Laan is wiis mei it nije predikaat: "We hebben het met z'n allen gedaan. De werkgroep, de bedrijven, vrijwilligers, de gemeente en meer. We mogen dus met recht trots zijn."
Guon oare Frysk gemeenten hawwe it predikaat foar earlike hannel earder al krige. Fairtrade-gemeente is in earfolle titel dy't oanjout dat yn in gemeente winkels, hoareka, bedriuwen, organisaasjes, ynwenners en lokale oerheden mei-inoar wurkje oan mear earlike hannel.