Waadgebiet en Wijlanden nominearre foar moaiste natuergebiet

10 okt 2016 - 19:58

It Waadgebiet en De Friese Wijlanden meitsje kâns op de titel 'Moaiste Natuergebiet fan Nederlân'. Trettjin nominearre natuergebieten waarden moandeitejûn troch Prof. mr. Pieter van Vollenhoven bekend makke yn it telefyzjeprogramma De Wereld Draait Door. De Friese Wijlanden is in gearwurking tusken park De Alde Feanen en de nasjonale lânskippen Noardlike Fryske Wâlden en Mar en Klif.

De Fryske natuergebieten krije konkurrinsje fan ûnder oare de Veluwe, it Karibyske eilân Saba, de Drintske AA en de Oosterschelde.

Mei de wedstriid fan steatssekretaris Martijn van Dam kin it natuergebiet in pear ton winne om it gebiet fierder te ûntwikkeljen.

Drintsk-Fryske Wâld net nominearre

Dêr't winners binne, binne ek ferliezers. De stjoergroep fan Regionaal Landschap Drents-Friese Grensstreek is fernuvere en teloarsteld dat se net nominearre binne foar de publykspriis 'Moaiste Natuergebiet fan Nederlân'. "Wij feliciteren natuurlijk de dertien genomineerde natuurgebieden en wensen hen een succesvolle campagne toe om de Nederlandse natuur over het voetlicht te brengen. We hadden graag deelgenomen", sa seit Henk van Hooft, foarsitter fan de Stuurgroep van het Regionaal Landschap Drents-Friese Grensstreek.

Stimme oant 31 oktober

Der kin oant moandei 31 oktober 1 oere middeis stimd wurde. Dy jûns wurdt de winner bekend makke.

(advertinsje)
(advertinsje)