Jildaksje slagge: hynstebak Peins kriget oerkaping

10 okt 2016 - 19:42

De hynstebak fan maneezje Mady's Pony Paradijs yn Peins kin lang om let oerkape wurde. Yn noch gjin twa wike tiid is dêr 60.000 euro foar ophelle. It jild kaam op 't kleed troch in saneamde jildaksje wêrby't partikulieren jild stekke yn saken dêr't se yn leauwe of dy't se sympatyk fine.

De bedragen dêr't mei yntekene waard, rûnen útien fan 200 oan't 28.000 euro. Troch de oerkaping hoege lessen net mear ôfsein te wurden by min waar. De ferwachting is dat it tal bern en folwoeksenen dat komt te hynstetriden ferdûbele wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)