Fuotbalklups hawwe fragen oer nij jeugdplan KNVB

11 okt 2016 - 07:00

Fryske amateurfuotbalklups hawwe in soad fragen oer it nije plan fan de KNVB. It fuotbalbûn wol takom seizoen nije spulfoarmen yntrodusearje by de jongste jeugd. Neffens it bûn is it de grutste revolúsje yn it jeugdfuotbal oant no ta.

De bern oant en mei alve jier sille yn lytsere teams spylje en op lytsere fjildsjes. Dat betsjut dat der mear goaltsjes, linen en begelieders komme moatte. De fuotbalklups hawwe benammen soargen oer oft dat praktysk wol mooglik is.

It doel fan de feroarings is dat de fuotballerkes faker oan de bal komme, wêrtroch´t se better wurde.

Wat feroaret der krekt?

Hoe jonger oft de bern binne, hoe lytser oft de teams en de fjildsjes binne. Foar de fuotballers fan tolve jier en âlder feroaret der neat. 
 

Technysk

De measte klups stean efter it plan fan 'e KNVB. Trochdat de fuotballers de bal mear krije sille, wurde it úteinlik bettere fuotballers. "It is goed om bern mear oan de bal te krijen", seit Dennis Schotanus, dy't haad jeugdopliedingen is by LAC Frisia yn Ljouwert. Ek Jaap Groenehagen fan Blau Wyt '34 yn Ljouwert stiet der posityf tsjinoer. "Je hebt meer duels en vaker balbezit. Praktisch gezien moet er nog wel een hoop gebeuren. Het wordt een hele omslag", sa tinkt Groenehagen. Neffens Ab van der Velde fan de KNVB binne de klups posityf oer it plan, mar binne der noch wol soargen oer de praktyske ynfolling.

Fraachtekens

Der hawwe oant no ta fjouwer ynformaasjejûnen west yn Fryslân. Tongersdei is de lêste byienkomst yn Snits. Dêrnei sil de KNVB alle ynformaasje meinimme en yn jannewaris 2017 beslute se oft de feroarings takom seizoen al yngean. Dochs binne net alle fuotbalklups al op de hichte fan de feroarings. Haad jeugdopliedings Wymer Bloemhof fan BBC (Burgum BCV Combinatie) fynt de ynformaasjefoarsjenning fan de KNVB 'summier'.

Fuotbalferiening WWS yn Wurdum fynt it ynhâldlik in goed plan, sa seit Roel Schokker fan it jeugdbestjoer. Mar, der binne noch wol in soad fragen. "Hoe komt het met scheidsrechters, standen bijhouden en de afstand van de ouders? En hoe gaan we het met de lijnen doen? We weten het niet", fertelt Schokker.

Trefwurden: 
fuotbal KNVB jeugd
(advertinsje)
(advertinsje)