Earste bewenners komme oer in moanne nei azc Snits

(argyffoto) © ANP
It asylsikerssintrum yn Snits krijt oer sawat in moanne de earste bewenners oer de flier. Dat seit it COA, it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers. Op dit stuit wurdt de lêste hân lein oan it azc. Der is romte foar seishûndert bewenners. It azc Snits bliuwt yn alle gefallen fiif jier stean.
Op dit stuit wurdt ek noch wurke oan in asylsikerssintrum op It Hearrenfean. Plannen foar oare azc's binne op in sêft sin set, omdat der minder asylsikers nei Nederlân komme as earder tocht waard.