De hiele dei Frysk prate op Drachtster Lyseum

It Drachtster Lyseum © Omrop Fryslân
De learlingen fan trije havo en trije en fjouwer vwo fan it Drachtster Lyseum dogge tongersdei alles yn it Frysk. Dan is it dêr de Dei fan de Fryske Taal. Alle lessen stean yn it ramt fan it Frysk, fan meartalichheid en de Fryske sport en kultuer. Der wurdt safolle mooglik Frysk praat.
Njonken de ynhâld is der ek romte foar 'ferdivedaasje'. Tusken de middei kinst Frysk ite, der is in Fryske kwis en Jelle B. en Iris Kroes trede op. De Dei fan de Fryske Taal is in inisjatyf fan it Frysk Jeugdparlemint.