Ljouwert is goed taret op 2017, mar hat noed oer soarch

De gemeente Ljouwert is finansjeel goed taret op it jier 2017, mar hat grutte noed oer de kosten fan soarch- en helpferlieningsmaatregels as jeugdsoarch en wmo. Dat docht bliken út de begrutting foar 2017 dy't moandeitemiddei presintearre waard troch de wethâlders Feitsma fan finânsjes en Koster fan jeugdsoarch.
Oan it jier 2021 ta moat de gemeente mei-inoar 25 miljoen út de eigen reserves bypasse yn it sosjaal domein. Yn dat jier hopet de gemeente út te kommen mei de ryksmiddels foar saken lykas jeugdsoarch, wmo en húshâldlike help.
Risiko's opfange mei jild út reserves
Sa't it no liket, kin de gemeente alle risiko's foar 2017 goed opfange mei de algemiene reserve. Dy wurdt op dit stuit ynskat op 14,4 miljoen euro. Dat is 5,4 miljoen euro heger as eins needsaaklik is.
Tekoart yn jeugdsoarch ferwachte
Dochs is de ferwachting dat der it kommende jier tekoarten ûntstean sille yn de (jeugd)soarch. Dat sil benammen it gefal wêze as it belied foar it sosjale domein net feroaret. Mochten de feroarings yndie net trochgean, dan seit de gemeente dat se oanfolgjende maatregels nimme moatte. Sa moatte minsken dy't gebrûk meitsje fan wmo-ferfier 1 euro foar eltse rit betelje.
Kulturele Haadstêd
Foar it kommende jier wol de gemeente Ljouwert ynsette op it klearmeitsjen fan de stêd foar Kulturele Haadstêd 2018, en it ferbinen fan ûnderwiis en de arbeidsmerk. Yn 2017 wol de gemeente bygelyks ynsette op it Wetsus-talintprogramma, praktykrûtes yn mbo- en hbo-opliedings en wolle se wurk-lear-konstruksjes opsette mei it midden- en lytsbedriuw.
36 miljoen ynvestearje
Om de stêd goed klear te krijen foar Kulturele Haadstêd 2018 ynvestearret Ljouwert yn 2017 yn totaal mear as 36 miljoen euro yn ynfrastrukturele en oare maatregels. Bygelyks it Europaplein, it Stasjonsgebiet en de omjouwing fan de Blokhúspoarte wurde oanpakt.