Njoggen Fryske shorttrackers selektearre foar wrâldbeker

Sjinkie Knegt © Martin de Jong
Shorttrackers Leon Bloemhof, Tjerk de Boer en Tineke den Dulk sille mei nei de earste wrâldbekerwedstriden fan dit seizoen. Bloemhof fan Sint-Jabik giet mei nei Calgary, wylst Tjerk de Boer fan Weidum en Tineke den Dulk fan Ljouwert mei sille nei Salt Lake City.
Bûnscoach Jeroen Otter hat njoggen Friezen opnaam yn de seleksje foar de earste twa wrâldbekerwedstriden. Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Suzanne Schulting, Ithzak de Laat en Rianne de Vries sille beide wedstriden ride. Dennis Visser docht allinnich mei yn Calgary.
Oersjoch dielnimmers oan earste twa wrâldbekers:
Calgary, Kanada, 4-6 novimber:
Jorien ter Mors, Suzanne Schulting, Lara van Ruijven, Yara van Kerkhof, Rianne
de Vries
en Avalon Aardoom.
Daan Breeuwsma, Sjinkie Knegt, Dennis Visser, Dylan Hoogerwerf, Itzhak de Laat
en Leon Bloemhof.
Salt Lake City, 11-13 novimber:
Jorien ter Mors, Suzanne Schulting, Lara van Ruijven, Yara van Kerkhof, Rianne
de Vries
en Tineke den Dulk.
Daan Breeuwsma, Sjinkie Knegt, Adwin Snellink, Koen Slootweg, Itzhak de Laat
en Tjerk de Boer.