Slachter Sybren Wip fan Hallum wurdt tredde mei syn gehakbal

Slachter Sybren Wip fan Hallum is mei syn gehakbal tredde wurden by de útferkiezing fan de Lekkerste gehakbal fan Nederlân. De wedstriid wie moandei op de VAS, de fakbeurs foar slachters yn Amsterdam. De oare Fryske kânshawwer, slachter Gerk Biesma fan De Pein krige in earfolle fermelding.
Biesma en Wip wiene de iennichste Fryske kandidaten dy't by de lêste tsien nominearren sieten. De nûmer ien bal fan Nederlân komt út Vlaardingen en is fan slachter Wapenaar.
Jûn yn Hea! in reportaazje mei de beide Fryske dielnimmers en harren geheim fan in lekkere bal. Hea! begjint om 17.35 oere.