Bekende pakes en beppes lêze foar oer duorsumens

Op 150 basisskoallen kamen moandeitemoarn bekende Fryske pakes en beppes, mar ek boargemasters en keamerleden del om foar te lêzen. It ferhaal "In bysûndere pake" fan berneboekeskriuwster Berber van der Geest is spesjaal foar dizze gelegenheid bewurke en hat as tema duorsumens. It is moandei de Dei fan de Duorsumens. De organisaasje hopet bern sa te belûken by in moaie en skjinne wrâld.
Lutz Jacobi en Hylke Speerstra kamen foarlêzen, mar de grutste mazzel hiene de bern fan basisskoalle Sint Ludgerus yn Warkum want dêr kaam meneer Aart Staartjes del. Ek al is dit mar ien kear, it smyt wol wat op tinkt Staartjes: "Het gaat wel in die kleine hersentjes zitten, ze gaan er toch over nadenken. We kunnen ook eindeloos gaan zeuren over rekenen en taal maar dit zijn belangrijke dingen."
Ek Jelmer út groep 7 tinkt dat it doel hat: "As alle bern goed oplette, en dy fertelle dat dan oan harren âlders en dy fertelle dat ek wer troch. Dan tinke hieltyd mear minsken, hé, sa kin ik dat ek wol dwaan".