Proef om leechoplate jongerein oan banen te helpen

10 okt 2016 - 14:37
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Jou minsken sûnder, of mei in lege, oplieding mear kâns op in baan". Dêr pleitet wurkjouwersorganisaasje AWVN (Algemene Werkgevers Vereniging Nederland) foar. Troch fiskale maatregels soene der hûnderttûzenen banen bykomme kinne. Foarbylden dêrfan binne kompjûterhelp oan hûs, betelle âldereinsoarch yn plak fan mantelsoarch, buertwacht en konsjerzje.

Harry van der Kraats, direkteur fan de wurkjouwerskoepel AWVN die in oprop dêrfoar op harren kongres yn Amsterdam.

Pilot

Neffens Friese Poort-direkteur Durk Bijma is it in sympatyk plan dat oanslút by in proef dy't de Fryske MBO-skoallen meikoarten hâlde. Learlingen dy't de leechste skoalnivo's folge hawwe en dy't noch altyd gjin baan hawwe, wurde dan yn kontakt brocht mei mooglike wurkjouwers.

Trefwurden: 
pilot Durk Bijma Friese Poort
(Advertinsje)
(Advertinsje)