Provinsje stekt miljoenen yn brêgen Strobosser Trekfeart

10 okt 2016 - 13:19

De provinsje lûkt miljoenen út foar de oanpak fan sân brêgen oer de Strobosser Trekfeart yn Noardeast-Fryslân. De fundearring fan de brêgen is ûnder wetter oan it ferrotsjen en dat smyt gefaarlike situaasjes op. De oanpak moat dan ek sa fluch mooglik barre en yn els gefal mids 2018 klear wêze.

De brêgen binne mear as hûndert jier âld. De Strobosser Trekfeart rint fan Dokkum nei Gerkeskleaster en Strobos.

(advertinsje)
(advertinsje)