Plysje falt op trije plakken wenningen binnen

10 okt 2016 - 12:51
Foto: ANP XTRA

In arrestaasjeteam hat moandeitemoarn ynfallen dien op trije plakken. Dat wie yn in wenning oan de Drakenstrjitte yn Snits, mar ek oan de Singel en oan de Grote Dijlakker yn Boalsert kaam de plysje yn aksje. De ynfal op de Snitser Drakenstrjitte wie om goed sân oere moarns. Dêr waard op syn minst ien persoan oanhâlden, ek waard in auto yn beslach naam. By de ynfal waard in plysjehûn ynset.

Wat de reden is fan de ynfallen wol de plysje net sizze. It is ûnderdiel fan in grutter resjerzjeûndersyk, der wurde dêrom noch gjin fierdere meidielings dien oer de saak. Ek wol de plysje net sizze hoefolle minsken der krekt oanhâlden binne.

(advertinsje)
(advertinsje)