Sweeffleanklup sleept gemeente It Amelân foar de rjochter

10 okt 2016 - 11:37
Foto: ANP

De gemeente It Amelân wurdt troch de sweeffleanklup op it eilân foar de rjochter dage. De útnûging foar de rjochtsaak fan heal novimber falt de kommende wike yn de bus by de gemeente.

De Amelander Zweefvliegclub, stipe troch de Koninklijke Nederlandse Vereniging voor Luchtvaart, wol dat de gemeente him as eksploitant fan it fleanfjild oanspraaklik stelt foar mooglike skea oan de sinnepanielen neist it fleanfjild.

Claim

De gemeente en de sweeffleanklup ha al tiden in skeel oer it brûken fan stielen kabels om de fleantugen mei de loft yn te krijen. As dy kabels ferkeard falle, kin dat ta koartsluting liede by it sinnepark.

Om't ûndúdlik is wa't ferantwurdlik is foar de skea, hat de fleanklup de hiele simmer net aktyf west op it eilân. De sweeffleanklup hat fanwegen it missen fan ynkomsten ek in claim fan in pear tûzen euro yntsjinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)