Foarsprong troch nij hightech-laboratoarium yn Drachten

Philips © Omrop Fryslân
Noard-Nederlân krijt mei de komst fan it nije 'shared facility center' by Philips yn Drachten in foarsprong yn de hightech-yndustry. It nije laboratoarium iepenet woansdei offisjeel de doarren. It is in inisjatyf fan fyftjin technologyske bedriuwen, dy't ek mei it ûntwikkeljen fan nije apparaten mei-inoar gearwurkje.
Techneuten en studinten kinne der yn 'e kunde komme mei de nijste technology. Sa stiet der alderhande testapparatuer en in grutte 3D-printer. It stribjen is om alle jierren mei minimaal fyftich ynnovaasjes te kommen.