CDA Achtkarspelen wol dúdlikheid oer de Skieding

10 okt 2016 - 08:59
De Skieding by Surhústerfean - Foto: Google Maps

De CDA-fraksje yn Achtkarspelen wol dat de provinsje sa gau as mooglik mei in beslút komt oer it nije trasee fan de Skieding. In goede trochstream en de feilichheid fan it ferkear op dizze dyk moatte dêrby sintraal stean.

De plannen soene yn desimber behannele wurde troch Provinsjale Steaten, mar neffens de CDA-fraksje soe de provinsje de beslútfoarming útstelle wolle. Langer wachtsjen op it oanpakken fan de drokke en gefaarlike dyk tusken de A7 en Bûtenpost is neffens de fraksje net akseptabel.

CDA-riedslid Romke van der Wal: “Beslútfoarming oangeande de Skieding moat sa rap mooglik naam wurde. Sawol de omwenners as ek de ûndernimmers hawwe rjocht op dúdlikheid. It belang fan in goede, flotte en feilige ferbiningswei is dúdlik."

Trefwurden: 
Achtkarspelen De Skieding
(Advertinsje)
(Advertinsje)