KNMI jout koade giel ôf foar tichte mist

10 okt 2016 - 06:26
Foto: ANP

Minsken op de wei moatte moandeitemoarn rekken hâlde mei tichte mist. It KNMI hat dêrom koade giel ôfjûn. It sicht is op guon plakken minder as 200 meter. Benammen it ferkear kin der in soad lêst fan hawwe.

De warskôging jildt foar de earste helte fan de moarn. Nei alle gedachten sil it sicht yn de twadde helte fan de moarn stadichoan ferbetterje.

Trefwurden: 
mist KNMI koade giel
(Advertinsje)
(Advertinsje)