Hege boetes foar angelfiskers by provinsjebrede kontrôle

© ANP
Rûnom yn de provinsje Fryslân wiene sneon kontrôles op sportfiskerij. Mei-inoar 120 sportfiskers waarden kontrolearre. Fiif sieten te angeljen sûnder fiskpas. De boete dêrfoar leit op 130 euro. Trije hiene te folle angels yn stelling brocht. Dêr stiet in boete op fan 350 euro. It measte betelle de angelder dy't libjend ies oan de fiskheak hie: 370 euro.
Alle beboete angelers krigen ek noch in proses-ferbaal.