"Koark yn plak fan rubberkerrels yn keunstgers"

Keunstgers © Henk Bootsma
PAL Grien Links en Grien Links yn Tytsjerksteradiel hawwe fragen steld oan it kolleezje oer keunstgersfjilden. De kerrels fan fermealde autobannen dêr't de fjilden mei ynstruid wurde, soene kankerferwekkend wêze.
PAL Grien Links wol witte oft de gemeente it djoerdere alternatyf - koark - yn oerwaging nimt. Komt der ek in ûndersyk nei fersmoargjende stoffen yn it rubbergranulaat op en om de fjilden? En wat is it effekt op it grûnwetter? De partijen wolle dat B&W de kwestje by de Vereniging Nederlandse Gemeenten oan de oarder stelt.