Bestjoerders sjogge inoar oer holle: botsing by De Harkema

09 okt 2016 - 17:53
(foto as yllustraasje) - Foto: De Vries Media

By De Harkema binne sneintemiddei twa auto's mei-inoar yn botsing kaam. Dat barde op de lykweardige krusing fan it Langfal en de Turfloane. De bestjoerders fan de auto's hawwe inoar oer de holle sjoen.

Der is in ambulânse oproppen om de slachtoffers te behanneljen. Nei alle gedachten moat op syn minst ien slachtoffer nei it sikehûs oerbrocht wurde.

Trefwurden: 
auto botsing
(Advertinsje)
(Advertinsje)