Aafke Zuidersma út Twizel wint Liet 2016

De 31-jierrige Aafke Zuidersma út Twizel hat snein it jierlikse Frysktalige songfestival Liet wûn mei it oangripend liet 'Minsk fan wearde’ oer in ferstoarne freon en bandlid. Douwe Dijkstra waard twadde. De útslach kaam net maklik ta stân. De sjuery hat dêr bot oer diskusjearje moatten, seit sjueryfoarsitter Jan Pier Brands.
Alve finalisten stiene sneintemiddei op it poadium yn de Neushoorn yn Ljouwert. Sawat fjouwerhûndert taskôgers wiene yn de seal. De publykspriis wie foar Janneke de Boer.
Twarres
It Lietfestival foar it bêste liet yn it Frysk of yn in streektaal yn Fryslân bestiet sûnt 1991. De bekendste winner is it duo Twarres. Sy wûnen yn 1999 de publykspriis mei 'Wêr bisto'. Dat waard letter in grutte hit yn Nederlân. Ek yn België sloech it nûmer oan.
Dielnimmers
De dielnimmers fan dit jier wiene de bands/artysten Boots, Janneke de Boer, Esmee en de Voorzitter, Lammy Bruyns, Loekie Roosdorp, Metz & Mulder, Douwe Dijkstra, Kees de Groot, Aafke Zuidersma, Ypke en Held op Sokken. Yn de sjuery sieten, njonken direkteur Jan Pier Brands fan Neushoorn, skriuwster/muzikante Jamilla Faber, muzikant/audiotechnikus Harry Zwerver en de winneres fan de foarige edysje: Marit Talens.
Gjin jierliks Liet Ynternasjonaal mear
Aafke en har band meie Fryslân fertsjintwurdigje op 13 april yn de ynternasjale kompetysje fan de Sámi Grand Prix yn Kautokeino, Noarsk Laplân. Liet Ynternasjonaal hat jierrenlang elk jier west, mar yn 2015 en 2016 slagge it de organisaasje net om it festival fan de grûn te krijen. De earstfolgjende kear is yn 2017, yn Noarsk Laplân. De lêste kear dat it yn Fryslân wie, wie yn 2009.