Fryske artysten freegje omtinken foar duorsumens

09 okt 2016 - 12:53
  • It liet
  • It startskot
  • Ferslachjouwer Andries Bakker wie derby

Syb van der Ploeg en Piter Wilkens spylje snein mei noch acht oare Fryske artysten yn it ramt fan de 'Grien 10 Muzyk Toer.' By tsien hoarekagelegenheden yn de provinsje jouwe se oer de hiele dei ferspraat 30 minykonserten.

De sjongers wolle sa mei de stichting JIT (Jou It Troch) oandacht freegje foar duorsumens. Alle artysten wurde op in miljeufreonlike wize nei de optredens brocht. It begjin fan de dei wie by de Elfstedenhal yn Ljouwert.

Ezel

Syb van der Ploeg begûn mei hynder-en-wein, wylst Piter Wilkens achter in ezel op 'en paad gie. De oare artysten binne Gurbe Douwstra, Marcel Smit, Anneke Douma, Elske DeWall, Iris Kroes, Jelle B, Jelmer van der Wal en Wiebe Kaspers. Se ferpleatse har ûnder mear mei in elektrysk boatsje, in elektryske trein, buskes op biogas, in elektryske auto en scooter.

Sneintejûn om 20.30 oere beslute de tsien artysten mei in mienskiplik slotkonsert yn de Elfstedenhal yn Ljouwert.

(advertinsje)