Plysje trappearret twa manlju mei drugs

Speed © ANP XTRA
Yn Surhústerfean hat de plysje sneontejûn in 18-jierrige man út Koatstertille oanhâlden. De plysje seach him mei in oar yn in steech yn it sintrum. Der lei in pûdsje by, nei alle gedachten siet der speed yn. De man hie noch mear drugs by him. Hy is oanhâlden.
Yn De Westereen kontrolearre de plysje sneontenacht in persoan dy't yn in auto op in parkearplak bûten it doarp stie. De 23-jierrige man út Damwâld hie ferskate drugs by him. Hy is oanhâlden. Beide saken binne noch yn ûndersyk.