Stapper slacht portier brutsen noas

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is in portier yn de nacht fan sneon op snein mishannele. De portier stie om healwei fiven yn de Oude Doelesteeg mei wat minsken te praten doe't in man derby kaam en him hieltyd mei it petear bemuoide. De portier sei dat er trochrinne moast, mar de man kaam hieltyd werom en bleau ferfelend. Samar ynienen sloech er de portier yn it gesicht wêrby't er de noas bruts.
De fertochte, in 18-jierrige Ljouwerter, is oanhâlden. Hy hie in mes by him. Hy krijt in proses-ferbaal en mei in jier lang net yn de hoareka yn de binnenstêd komme.
It slachtoffer sil oanjefte dwaan.