Hoe goed is it mobyl berik yn jo omjouwing? Doch de enkête!

© Omrop Fryslân
Sa’n bytsje alle Friezen ha wol in mobile telefoan. It apparaat is eins net mear fuort te tinken út ús deistich libben. Wy dogge der de hiele dei fan alles mei: Whatsappe, ynternette, Facebooke en fansels gewoan belje. Dochs binne der noch hieltyd plakken yn Fryslân dêr’t mar in minne, of sels gjin, dekking is. Op dy plakken kin der hast net belle wurde en ek ferbining mei ynternet is in probleem.
Enkête
Omrop Fryslân docht yn gearwurking mei de oare regionale omroppen ûndersyk nei hoe't it steld is mei de mobile dekking yn Nederlân. Ha jo goed berik thús of moatte jo nei bûten rinne? Of kinne jo wol belje yn de keuken, mar net oan de oare kant fan it hûs? Mooglik hawwe jo wol goed berik, mar famyljeleden dy’t belje fia in oare provider folle minder. Goeie of minne ûnderfinings? Omrop Fryslân heart it graach!
Klik hjir en doch mei oan ús enkête. Oer twa wiken fertelle we jo wat de útkomsten binne.