Jonge bestjoerder moat rydbewiis ynleverje

09 okt 2016 - 07:51
Rydbewiis - Foto: ANP XTRA

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan sneon op snein in jonge bestjoerder oanhâlden. De 18-jierrige sjauffeur út de Noardeastpolder ried tsjin healwei fiven op it fytspaad op it Beursplein tsjin de rjochting yn.

By kontrôle die bliken dat de man dronken hie. Hy moast syn rydbewiis, dat er krekt fjouwer moannen yn syn besit hie, ynleverje, en krige in rydferbod fan njoggen oeren.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)