Mei Doet en Gerrit nei Alma-Tadema

09 okt 2016 - 11:08

"In prachtige tentoanstelling" en "Fryslân kin wol hiel grutsk wêze op sa'n skilder". Doet Boersma en Gerrit Breteler binne te sprekken oer de tentoanstelling Alma-Tadema - Klassieke verleiding yn it Fries Museum.

"Falst hjir fan de iene ferbazing yn de oare, ik wist net dat der sa'n soad wurk fan Alma-Tadema yn it Fries Museum wie", seit Doet Boersma. Se fynt de tentoanstelling in moai en kompleet oersjoch jaan fan syn wurk, de ûntwikkeling fan syn wurk en it jout in yndruk watfoar man oft it wie.

Untdekking

By it selsportret fan him doe't hy 16 wie kinne Doet en Gerrit der hast net oer út dat je op dy leeftiid al sa'n ynsjoch ha kinne, al sa'n skildertechnyk behearskje. De suppoasten fan it museum tikje beide keunstners geregeld op it skouder as se wat te tichtby de skilderijen komme. Mar alle kearen wer lûkt it skilderij, wolle se sjen hoe't er de streken set hat, wolle se syn technyk ûntdekke. Oan de ein hingje twa skilderijen dy't noch net ôf binne. It jout in byld fan hoe't Alma-Tadema wurke. Gerrit en Doet fernuverje har deroer dat in part noch sketsmatich is, wylst der ek in stik al klear is.

"Je wurde der waarm fan"

Yn de twadde seal is wat mear oer it libben fan Lourens Alma-Tadema te finen. Bygelyks kastpanielen út syn hûs dy't er beskildere hat. Boersma: "Dat je sa'n behoefte hawwe om te skilderjen, dêr wurde je dochs waarm fan." Hjir hinget ek in portret fan syn twadde frou Laura. In skilderij dat opfalt, omdat it minder útwurke is. "Dat jout ek wol oan dat hy ek wol slinger hie", fynt Gerrit Breteler. "Hy kin it hiel presys útwurkje, mar it ek sa notearje. Lykas dy klean, dat binne eins in pear notysjes, mar de sfear is wol hiel moai."

Filmsênes

De grutte stikken, de stikken dy't de measte minsken oansprekke, hingje yn de lêste seal. Dêrboppe wurde bylden projektearre fan filmsênes dy't basearre binne op inkele fan syn skilderijen. Dit lêste is Gerrit te bot. It liedt ôf fan de skilderijen. Doet fynt dat ek wol, mar sjocht ek dat it foar in breed publyk wol moai is: "Net elk sjocht mei ús eagen." Sawol Gerrit as Doet wolle nochris nei de tentoanstelling, der is safolle te sjen, dat is te folle foar ien besite.

Kapitaal

Lourens Alma-Tadema wie ien fan de meast suksesfolle skilders yn de 19de iuw. Hy wenne doe yn Londen. Hy waard berne yn Dronryp en siet yn Ljouwert op skoalle. Syn skilderijen, tige romantysk en mei in grut each foar detail, binne hjoed-de-dei in kapitaal wurdich. Doet Boersma skilderet benammen Fryske lânskippen, ekspressyf, op grut formaat en yn felle kleuren. Gerrit Breteler is grut bewûnderer fan Rembrandt en as skilder wurket hy sels ek yn dy 17de-iuwske keunstnerstradysje. Beide keunstskilders binne bekend mei it wurk fan Alma-Tadema út har oplieding wei.

Buro de Vries

Op útnûging fan it programma Buro de Vries seagen se by de tentoanstelling fan Alma-Tadema yn it Fries Museum yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)